2026: Boekpresintaasje 'Op eigen Krêft' en reüny 50ste Frouljus PC
In moaie weromsjoch op de reüny en boekpresintaasje!
Op snein 16 augustus 2026 stie Weidum yn it teken fan it frouljuskeatsen. Yn it ramt fan de 50e Frouljus PC organisearren wy in bysûndere reüny en de presintaasje fan it boek Op eigen KRÊFT – Geschiedenis en ontwikkeling van het vrouwenkaatsen.
It waard in prachtige middei mei moaie moetings, waarme oantinkens en ferhalen út it ferline. Ald-keatsters en keatsters fan hjoed-de-dei, belutsenen en oare belangstellenden kamen byinoar om mei ús werom te sjen op de rike skiednis fan it frouljuskeatsen. Fotograaf Henk Bootsma en Lieuwe Bosch ha dizze bysûndere middei prachtich yn byld brocht. De foto’s jouwe in moaie yndruk fan de sfear, de moetings en it entûsjasme.
Genietsje nochris mei ús nei fan dizze ûnferjitlike middei!
📸 Foto’s: Henk Bootsmaen en Lieuwe Bosch.
Recente berichten






































































