IT LÊSTE NIJS

door Feikje Toering
•
17 augustus 2026
Op moandeitejûn 17 augustus 2026 waard yn de feesttinte op it keatsfjild yn Weidum de lotting ferrjochte foar de 50e Frouljus PC. In bysûnder momint yn dit jubileumjier! Nei de feestlike reüny en boekpresintaasje op snein 16 augustus kaam mei de lotting de wedstriid fan woansdei 19 augustus wer in stap tichterby. Wa treft wa yn de earste omloop? Hokker partoeren komme inoar letter yn de wedstriid tsjin? En wa meie úteinlik stride om de heechste eare op dizze fyftichste edysje fan de Frouljus PC? De lotting is alle jierren wer in moai momint, dêr’t de spanning en de ferwachtings foar de wedstriid byinoar komme. Mar dit jier wie it dochs krekt wat bysûnderder. Fyftich jier Frouljus PC: in prachtige mylpeal yn de skiednis fan it frouljuskeatsen! Mei de lotting efter de rêch koe it ôftellen begjinne nei woansdei 19 augustus, doe’t de bêste froulike keatssters fan Fryslân yn Weidum de striid mei-inoar oangiene. In prachtige opmaat nei in histoaryske 50e Frouljus-PC!

door Feikje Toering
•
16 augustus 2026
In moaie weromsjoch op de reüny en boekpresintaasje! Op snein 16 augustus 2026 stie Weidum yn it teken fan it frouljuskeatsen. Yn it ramt fan de 50e Frouljus PC organisearren wy in bysûndere reüny en de presintaasje fan it boek Op eigen KRÊFT – Geschiedenis en ontwikkeling van het vrouwenkaatsen. It waard in prachtige middei mei moaie moetings, waarme oantinkens en ferhalen út it ferline. Ald-keatsters en keatsters fan hjoed-de-dei, belutsenen en oare belangstellenden kamen byinoar om mei ús werom te sjen op de rike skiednis fan it frouljuskeatsen. Fotograaf Henk Bootsma en Lieuwe Bosch ha dizze bysûndere middei prachtich yn byld brocht. De foto’s jouwe in moaie yndruk fan de sfear, de moetings en it entûsjasme. Genietsje nochris mei ús nei fan dizze ûnferjitlike middei! 📸 Foto’s: Henk Bootsmaen en Lieuwe Bosch.



