1978:De twadde Frouljus-PC


Aankondiging LC 1978
Yn 1978 waard de twadde Frouljus-PC hâlden op snein 13 augustus. Fan belutsenens fan de PC-winners wie doe gjin sprake mear, wêrtroch Jan Suierveld de frijheid krige om in keninginnepriis beskikber te stellen. Dat waard It tinnen Mingel, as oantinken oan de sletten suvelûndernimming yn Weidum. As oantinken foar de keninginne kaam der in lyts tinnen mjitsje fan 2 cl. De prizen bestienen út stânbylden mei in ingelfiguur.
Yn oerlis mei de Technyske Kommisje fan de manlju – der wie doe noch gjin TC foar de froulju – en in ôffurdiging fan de frouljuskeatssters, waard yn kafee Het Wapen van Baarderadeel yn Jorwert besletten om fan de wedstriid in útnûgingspartij te meitsjen. De krêftsferkillen wiene yn it earste jier te grut west.
De Weidumer keatssters stelden in list op mei 36 spylsters, dy’t troch it bestjoer útnûge waarden. Oan ’e hân fan in list mei A-, B- en C-kwalifikaasjes waarden de froulju trochinoar lutsen. Der waard net op funksje lutsen; it kaam dus ek foar dat trije opslachsters byinoar telâne kamen. Frouljuskeatssters waarden doe noch ferwachte allround te wêzen.
De earste keninginne fan de Frouljus-PC waard Janneke Pagels. Yn de krante ferskynde in lyts, mar opfallend berjocht.

De keninginnepriis; It tinnen Mingel
Recente berichten









