1980: Ein oan it tiidrek fan Janneke Pagels
De fjirde Frouljus-PC

De winnaars van 1980: v.l.n.r.: Anita Wieling (Wier), Loltsje Punter (k) (Weidum), Anneke van der Leij (Buitenpost)

Loltsje Punter, de eerste koningin uit Weidum.
Yn 1980 waard de fjirde Frouljus-PC al wer hâlden en de Technyske Kommisje (TC) wie oanwêzich by de lotting. It moat sein wurde: it frouljuskeatsen siet dúdlik yn ’e lift. Der wie yntusken in TC foar de froulju ynsteld en der waard al keatst yn in A- en B-klasse. Yn Weidum resultearre dat yn in list mei 30 útnûge spylsters, besteande út A1-, A2- en A3-spylsters en in seleksje fan B-spylsters. De útnûging waard noch altyd fersoarge troch Nije Kriich.
De prizen bestienen út earetekens. Der kaam in ein oan it tiidrek fan Janneke Pagels, want troch in tsjinwurkjende knibbel koe sy har tsjinstanners net mear har wil oplizze, sa’t se dat earder wol koe. Foar har bleau it by in tredde priis en it ein fan har keatskarriêre.
De earste priis waard wûn troch Anita Wieling út Wier, Anneke van der Leij út Bûtenpost en Loltsje Punter út Weidum. Dizze pleatslike favoryt soe sels keninginne wurde.
De Franeker Courant spruts fan in “ferrassend slot fan de Frouljus-PC yn Weidum” en melde fierder:
- dizze útnûgingspartij foar froulju fûn plak ûnder ideale waarsomstannichheden;
- der wie in soad publyksbelangstelling;
- de earste omloop waard karakterisearre troch dúdlike oerwinnings;
- de winners kamen yn de earste omloop mei 3–0 efter, mar wûnen dêrnei mei 5–3; yn de twadde omloop kamen se wer mei 3–0 efter en wûnen op ’e nij mei 5–3;
- de krêftsinspanning fan it partuer Hennie Koldijk, Geesje Timmer en Hilde Achenbach yn de heale finale (5–5 en 6–6) wie blykber tefolle west; yn de finale ferlearen sy mei 5–1 en 6–4;
- it winnende partoer hie it foardiel fan in steand nûmer op ’e trije.
Recente berichten









