2012: Gedicht Ytsje de Groot
De Frouljus PC: in keatsklassiker!

De dream fan Jan Suierveld is wierheid wurden. Yn Weidum is in grutte partij ûntstien.
In partij foar frouljuskeatsers dy’t by leafhawwers op ’e tiid yn de aginda’s set wurdt, dy’t troch de keatsers beskôge wurdt as haaddoel, as hichtepunt fan it seizoen, dy’t taret en útfierd wurdt troch belutsen organisatoeren en frijwilligers. Dêr’t omtinken by as foar statuer en kasjet, mar ek foar oanpassing en ferbettering, foar werkenberens en sfear. Om koart te kriemen: in keatsklassiker. Dy’t wille en fertriet meinimt, winst en ferlies en ek ek opropt ta weromsjen en bespegeling. Dat die Ytsje de Groot, jongste dochter fan Jan de Groot, Weidumer en PC-kening fan 1941. Se wennet om utens, komt faak werom yn Weidum, ek op de Frouljus PC-dei yn 2012 en skreau nei oanlieding dêrfan dit gedicht.
Boppe yn ’e bedelte
It griene fjild leit der
smûk en optúgd hinne
Sa’n bytsje yn ’e bedelte
banken rûnom de linen
krite, telegraaf en tinte
It kin wer oangean
Seis froulju op in rychje
Hearre harren namme lûd Besifere mei it tal dat
Hja hjir al earder wienen
It waar sinnich en freonlik
Aardich publyk is der al
Foar it keatsen mar faaks ek
Foar elkoar en foar in oar
Hja eamelje oanmoediging
Hja eamelje taktyk en wiisheid
Hja eamelje samar wat kofje-
En keatspraat mei in tûk each
De opslach mei in brike oanrin
De bal foaryn, in keatske healwei
De bal efter dy’t alwer boppe fleach
Jimme side fan ’e telegraaf
Hjoed alle listen as earste fol
Eat makket har dizze dei Keninginne.
Sy mei har maten
De wedstriid immer sportyf
en fol fan belibjen
In protte folk op ‘en paad
En elts hâldt op eigen wize
Dat lytse baltsje yn ’e gaten
Recente berichten









