1981: It earste lustrum
De fyfde Frouljus-PC

Yn 1981 waard it earste lustrum fierd. De fyfde Frouljus-PC wie in feit en der wie yn koarte tiid al in soad feroare yn it frouljuskeatsen. It bestjoer fan K.V. Nije Kriich rjochte sels in fersyk oan it haadbestjoer fan de KNKB “om de jierlikse keatspartij foar froulju offisjeel ‘Frouljus-PC’ neame te meien en fêst te lizzen dat gjin oare ôfdieling dizze of in dêrmei ferlykbere namme brûke mei foar in frouljuspartij.”
De Technyske Kommisje nûge de froulju út en wie ek oanwêzich by de lotting. Ditkear waard der wol op sterkte lutsen. Der dienen tsien partueren mei.
De prizen bestienen yn 1981 út sulveren tientjes (trije, twa en ien, elk ter wearde fan ƒ 50,-). De feriening koe dizze prizen net sels betelje en dêrom trad Jan Suierveld op as sponsor.
De dei begûn mei kofje en oranjekoek yn it doarpshûs foar de keatssters, de TC, de skiedsrjochter en it bestjoer. It waar wie moai en de publyksbelangstelling koe ridlik neamd wurde. It wie boppedat de earste kear dat Omrop Fryslân ferslach die fan de Frouljus-PC.
By dizze fyfde edysje waard Roelie Punter kroand ta keninginne.
Recente berichten









