1982: Swiere reinbuien
De Frouljus-PC begjint in tradysje te wurden. De organisaasje fan Weidum siket nei nije ideeën en dêrom wurdt der yn 1982 keatst om sulveren lauwerkrânsen. Dat wie noch net iens sa maklik, want dy moasten spesjaal út Dútslân komme.
De wedstriid fan 15 augustus 1982 waard kenmerke troch swiere reinbuien. Hoewol’t op ferskate plakken de wedstriden stillein waarden, keatsten de tsien partoeren yn Weidum gewoan troch. Der waard prima keatst, mar de froulju gyngen wol geregeld ûnderút.
Tidens de heale finale kaam it wetter mei bakken út ’e loft, mar de froulju bleaunen keatsen. Fuort nei dy heale finale waard de tredde priis yn ’e klaaikeamer fan it doarpshûs útrikt. De keatssters koene dêrnei streekrjocht nei hûs om te dûsen. It doarpshûs beskikte nammentlik noch net oer dûsen en dêrom gienen de winnaressen fan dy heale finale ûnder de dûs by de famyljes Punter en Monsma.
Mei skjinne en drûge klean waard dêrnei de finale keatst en fanwegen har dûbele funksje as foarbêst-op en efteryn waard Anita Wieling terjochte ta keninginne kroand.

De winnaars van 1982. V.l.n.r. Lipkje Reitsma (Mantgum), Thea Leen (Bears), Anita Wieling (Wier).
Recente berichten









