1984: Tolve partoeren

Yn 1984 blykt dat it famkeskaatsen fertuten docht want der komme mear talintsjes dy’t al fan jongs ôf oan keatse. De TC beslút dêrom it tal út te nûgjen partoeren op te skroeven nei tolve. De prizen bestienen út doofpotten fan Warkumer ierdewurk, makke troch Rosenau út Boalsert. Getrud de Witte út Makkum waard keninginne, nei’t sy yn it foarôfgeande jier troch in blessuere útfallen wie.
Opfallend wie it ferlies fan de keninginne fan it foarige jier (Anita Wieling) yn de twadde omloop. Yn ’e krante stiet dat by de stân fan 5-5 en 6-0 sy mei har foarbêste opslach trije sitballen joech mar by 5-5 en 6-6, spitigernôch foarslacht. Yn in oar partoer is in opfallende rol weilein foar de jonge Lia de Jong, dy’t as efterinse ek de foarbêste opslach yn har partoer oernimt. Sy wint mei har partoer de tredde priis.
Recente berichten









