1985: Njoggende Frouljus-PC

It finalepartoer. Steand de twadde priiswinners fan links nei rjochts: Lipkje Reitsma, Janny Yntema Geartsje Zondervan. Der ûnder fan links nei rjochts Hermanna Miedema, Anita Wieling en Antsje Smeding.
Anita Wieling stopt mei it keatsen.
Yn 1985 is it dan de njoggende Frouljus-PC. Dy dei wiene der tolve partoeren en de prizen bestienen út sulveren hangers, dy’t it frouljusteken útbyldzje mei dêryn in telegraaf, spesjaal makke troch de jonge keunstner en sulversmid Theo van Halsema út Ljouwert. De earste froulike skiedsrjochter op de Frouljus-PC wie Attie Zijlstra út Wommels, dy’t sels ek alris in tredde priis (1977) en in twadde priis (1979) wûn hie.
It fjild wie tige wiet, mar dat hold Anita Wieling net tsjin om mei twa jonge keatssters (Antje Smeding en Hermanna Miedema) te winnen. Anita wûn foar de fjirde kear en waard foar de tredde kear keninginne. Se stoppe mei it keatsen. It soe har lêste priis op de PC wurde. De publyke belangstelling wie mei sa’n tachtich minsken ridlik te neamen.
Recente berichten









