1986: It twadde lustrum
De tsiende Frouljus-PC

Op de foto flnr: Skiedsrjochter Jaap Adema, de earstepriiswinners Joke Hoekstra, Roelie Punter (keninginne), Bea Cuttress-Terpstra. Gehurkt vlnr: Hammie Westra, Thea Leen en Janke Cnossen.

Yn 1986 wie de tsiende Frouljus-PC. wie in feit en mei rjocht koe sein wurde dat it frouljuskeatsen al lang net mear yn de berneskuon stie. De folwoeksenheid wie oanbrutsen.
Dizze wedstriid hie tolve útnoege partoeren en de prizen bestienen út sulveren taarte-skepkes foar de earste priis, berteleppels foar de twadde priis en kofjerjêmmeleppels foar de tredde priis, wer’t it frouljusteken en de telegraaf op oanbrocht wiene troch keunstner en sulversmid Theo van Halsema út Ljouwert.
Moarns begûn de dei mei kofje en oranjekoeke yn it doarpshûs en it bestjoer krige as wurdearring foar it foarútstribjende wurk foar it frouljuskeatsen in troch Hennie Koldijk-Smink beskildere wandboerd oanbean.
De wedstriid waard kenmerke troch oanstoarmjend jong talint (Jokelyn Tienstra wûn de tredde priis), mar úteinlik gie de ûnderfining mei de earste priis oan ’e haal. Roelie Punter, Bea Cuttress-Terpstra en Joke Hoekstra triomfearden. Yn de finale keatsten se tsjin Hammie Westra, Janke Cnossen en Thea Leen. By de stân 5-5 en 6-6 sloech Roelie, dy’t foar yn stie, boppe. Roelie waard ek keninginne, mar neffens har hie Bea likefolle rjocht op dy titel. De keningskommisje wie dêryn ferdield, mei twa tsjin ien stim. De publyke belangstelling wie wer grutter, al is net bekend hoefolle dat wie yn ferliking mei it foarige jier (80 taskôgers)

Recente berichten









