1987 Foar it earst op in woansdei
Fjouwer woansdagen efterinoar
Om de Frouljus-PC noch mear in eigen gesicht te jaan, waard der yn 1987 foar it earst op in woansdei keatst, en wol op de woansdei nei de revanche-Freule. Dat betsjutte dat der yn de moanne augustus fjouwer woansdagen efterinoar in bysûndere keatswedstriid wie: nei de PC (de fyfde woansdei fan july, mar faak yn augustus), de Freule, de revanche-Freule en de Frouljus-PC.
Der waard ek entree jild heft, sa’t bliken docht út in ynstjoerd stikje yn de LC (É 2,50), en de bestjoerstinte stie op it fjild. De publyke belangstelling bleau noch altyd groeien.

Klaske Blümers konsintrearret har foar de opslach. Yn 1987 wie se keninginne op de PC. Se wûn mei Klaske Schukken en Geartsje Zondervan.
De earste Frouljus-PC wie yn 1977 en, lykas by alle frouljuswedstriden yn dy tiid, waard der gjin entree frege. Troch de fierdere ûntwikkeling fan de organisaasje en de kosten dy’t dêrmei gearhongen, waard yn 1985 foar it earst besletten om entreejild te heffen. Dat bedrach wie doe ƒ2,50, en de wedstriidlist ƒ0,50 koste.
Yn 1987 ferskynde der yn de LC in ynstjoerd stikje wêryn terloops de entreepriis neamd waard. Dat brocht ús oan it tinken: hoe hat dy priis him yn dy fyftich jier ûntwikkele? Dêrom rinne wy hjir even foarút op it ferhaal fan de Frouljus-PC.
Yn de begjinjierren moast der faak apart foar de list betelle wurde. Letter siet de list meastal by de entreepriis ynbegrepen. De entreepriis is yn ferskate etappes ferhege: fan ƒ 2,50 yn 1985 nei ƒ 6,00 yn 1992, € 6,00 yn 2004, € 10,00 yn 2010 en úteinlik € 15,00 yn 2025.
Op dizze alfde Frouljus-PC wiene wer 12 partueren oanwêzich. De prizen bestienen út wandbuorden fan Makkumer ierdewurk, makke troch de âld-Weidumer Dooitse Swierstra, earder wurknimmer fan Tichelaar.
Nei in spannende heale finale (5–5 en 6–6) ferlear it partoer fan Monique Gjaltema, Janny Yntema en Renate Hoekstra de finale mei 5–3 en 6–4 fan Klaske Blümers, Klaske Schukken en Geartsje Zondervan. Klaske Blümers waard kroane ta keninginne.
De priisútrikking fûn foar it earst op it fjild plak, op útdruklik foarskrift fan de KNKB.
Recente berichten









