1988-foar it earst reklame
Twastriid tusken Lia de Jong en Jokelyn Tienstra
Yn 1988 waard der foar it earst reklame makke foar de Frouljus PC mei oanplakbiljetten. Hûndert biljetten waarden troch Jan Suierveld sels betelle (fia famylje, foar in freonenpriis) en ferspraat. De measten waarden meijûn oan keatssters, mei it fersyk om se yn harren eigen wenplak op te hingjen. Oare brocht Jan sels persoanlik teplak.
De prizen bestiene út tinnen ikeltsjekannen, mei yn it deksel wer it frouljusteken mei telegraaf.
De kommende perioade soe yn it teken stean fan in twastriid tusken Lia de Jong en Jokelyn Tienstra. Twa talinten dy’t inoar yn de frije formaasje faak opsochten, mar yn Weidum hieltyd wer elkoar tsjinkamen. Yn 1988 wûn Lia de Jong; sy waard mei njoggen stimmen kroane ta keninginne.


De finalisten fan de Frouljus-PC 1988, flnr: Sarie Lycklama à Nijeholt, Lia de Jong (keninginne) en Hennie Faber. Dêrneist Jokelyn Tienstra, Jance Cnossen en Monique Wannealtema.
Recente berichten









