1990: Jokelyn Tienstra de keninginnepriis
It maksimale tal punten

fl.n.r.: Jellie van der Zee (Tsjummearum), Grietje de Haan (Frjentsjer) en Jokelyn Tienstra (Sint-Anne).
Op woansdei 22 augustus 1990 waard de fjirtjinde Frouljus PC ferkeatst. Der stiene tolve partoer op ’e list en neist it Friesch Dagblad wie ditkear ek de Leeuwarder Courant mei in ferslachjouwer oanwêzich. Oant dy tiid soargen de froulju sels altyd foar it wedstriidferslach yn de Leeuwarder Courant, sa’t dat by reguliere wedstriden noch altyd jierrenlang gebrûklik wie. Neist de skriuwende parse wiene ek Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn oanwêzich foar in live radioverslach. Nij wie boppedat dat de partueren foarôf oan it publyk foarsteld waarden. De prizen bestienen út wandbuorden fan ierdewurk, makke troch Harm Bouma út Alde Leie.
Ek dit jier wie de publyksbelangstelling grut. Foar it earst soarge in stimmingsorkest yn it doarpshûs foar in gesellige neisit. De echte leafhawwers moasten lykwols geduld hawwe, want pas nei sânen foel de lêste slach.
De finale brocht de twastriid tusken Jokelyn Tienstra en Lia de Jong, al fielde dy partij nei in fierder tige spannende Frouljus-PC wat as in antyklimaks. Beide finalisten hiene yn de earste omloop al mei muoite harren tsjinstanners ferslein. Ut de kranteferslaggen die bliken dat it publyk genietsje kinnen hie fan moai en ûnderhâldend keatsen. Jokelyn Tienstra mocht úteinlik mei it maksimale tal punten de keninginnepriis mei nei hûs nimme.
Recente berichten









