1991: It tredde lustrum
Sa’n 500 taskôgers

It tredde lustrum kaam yn 1991 mei de fyftjinde Frouljus PC. De wedstriid krige hieltyd mear alluere en it bestjoer die syn bêst om der wat unyks fan te meitsjen. De prizen bestiene dizze kear út sulveren lepels (nei in idee fan Jan Suierveld) en waarden makke troch juwelier Klaas Kramer út Frjentsjer. Op de lepels wiene it frouljusteken en in telegraaf oanbrocht.
Der stiene tolve partoeren op ’e list en fanwege de tiid (it wie it foarige jier pas nei sânen dien) startte men yn trije perken. It waard de wedstriid fan Lia de Jong. Sy wie de grutte útblinker en krige terjochte de keninginnepriis mei it maksimale tal punten. In saillant detail wie noch dat de keatswant fan Lysbeth van der Ende ôfkeurd waard. Sy hie gjin oare want en wie dêrom twongen har plak yn it perk te ruiljen mei Thera Jellema. Lia sloech dy dei foar best op en Lysbeth foar minst.
As in echteklassiker ûntwikkelet de Frouljus PC him hieltyd fierder. De publykselangstelling is frij konstant, mei sa’n 500 taskôgers. Dochs wurdt der op ’e nij keazen foar tsien partoer. It tal keatssters bliuwt wat wikseljend en de TC wol graach in bepaald nivo helje. Foar de keatsferiening is it in grutte opjefte om alle jierren wer genôch frijwilligers te finen.
Recente berichten









