1993: Finale tusken Lia de Jong en Jokelyn Tienstra
Lia de Jong foar de tredde kear op rige keninginne

De santjinde Frouljus PC yn 1993 yn Weidum. De winners fan de earste priis mei v.l.n.r.: Bianca Nauta (Tsjummearum), keninginne Lia de Jong (Wommels) en Anneke Smid (Wytmarsum). Lia de Jong krige de sulveren keatsbal oan it Fryske lint oanbean troch in fan har.
Yn 1993 steane der wer tolve partueren op ’e list en wurdt der op ’e nij yn trije perken keatst. De froulju hawwe wat mear tiid nedich foar in partij. Dat komt ûnder oare trochdat der mear keatsen lein wurde as by de manlju en troch folle mear tuskenspul. Ek de diskusje oer frije formaasje of útnûging spilet wer op. Lia de Jong seit dêr yn in ynterview it folgjende oer:
“It troch-elkoar-lotsjen makket dat it hjir foar myn gefoel net in echte PC is, krekt as by de manlju. As je der in frije-formaasjepartij fan meitsje soene, dan wie dat folle better. Foar it keatsen yn it algemien is it miskien wol goed en kriget elkenien in kâns, mar foar de partij is it neat.”
De wedstriid krijt op ’e nij in finale tusken Lia de Jong en Jokelyn Tienstra. Lia de Jong wurdt foar de tredde kear op rige keninginne en foar de fjirde kear yn totaal. Lia en Jokelyn binne sûnder mis de twa keatssters dy’t fan 1988 ôf de toan oanjûn hawwe yn it frouljuskeatsen.
Recente berichten









