1994: Fúzje tusken CFK en KNKB

F.l.n.r.: Minke Dijkstra (Pitersbierrum), Hammie Westra (Wommels) en Yvonne Postma (Blessum).
It jier 1994 is fansels it jier fan de fúzje tusken CFK en KNKB. Mei yngong fan dat jier waard ek de haadklasse ynsteld en stiene alle bêste frouljuskeatssters op ’e PC. It frouljuskeatsen siet doe ek wat yn in dip en de oanfolling út de CFK wie tige needsaaklik. Foar Minke Dijkstra út Pitersbierrum (ôfkomstich út de CFK) wie it daliks raak op dizze topwedstriid foar froulju.
Der wiene tsien partoer en der waard wer yn trije perken keatst. Dat hie ek mei it begjintiidstip te krijen, want it wie al jierren wenst om om 13.00 oere útein te setten. Foar it earst stie de boarding om it fjild.
Yn de ferslaggen waarden foaral de ynset, it entûsjasme en de gearhing fan it winnende partoer priizge. Yn de finale wiene trouwens mar twa haadklassers aktyf (Yvonne Postma en Sandra Goodijk); de oare keatssters wiene allegear earsteklassers. Nei trije kear Lia de Jong gie It tinnen Mingel dit jier nei Hammie Westra út Wommels. Lia de Jong moast ûnder de finale noch even gau nei hûs om de wikselpriis op te heljen.
It priiswinnende partoer bestie út Hammie Westra, Yvonne Postma en Minke Dijkstra. Oer dy lêste skreaune de kranten: ‘se ferdigene de boppe-line as in tiger’ en ‘se is fluch yn it tuskenspul en beweechlik oan de boppe’. Oer ien ding wiene de kenners it iens: de bêste spylster fan de dei wie Sandra Goodijk, dy’t nei ôfrin fan de ferlerne finale noch minutenlang ‘ferslein’ op de bank sitten bleau.

De bêste spylster fan de dei wie Sandra Goodijk
Recente berichten









