1996: It fjirde lustrum
De tweintichste edysje
Yn 1996 stie it fjirde lustrum op ’e kalinder en de tweintichste edysje fan de Frouljus-PC kaam ta stân. It byld waard hieltyd kompleter: it keatsfjild wie feestlik oanklaaid, mei boarding derom hinne. De parse wie folop oanwêzich om ferslach te dwaan en foar it earst fersoarge Omrop Fryslân Televyzje in live-útstjoering. Dêrneist stie de reportaazjewagen fan Omrop Fryslân op it terrein foar it programma PM op kanaal 5.
Der diene tsien partoeren mei, it waar wie prachtich en it keatsen fan heech nivo. Dat resultearre yn de tsiende oerwinning yn it lêste seizoen fan Sandra Goodijk, dy’t foar de twadde kear as keninginne fan de Frouljus-PC huldige waard. Tegearre mei Femke Visser út Makkum en Doete de Groot út Raerd soarge sy foar in bysûndere edysje.
Neffens de kenners moast der noch ien stap set wurde om fan de Frouljus-PC in echte PC te meitsjen: gjin útnûgingspartij mear, mar in frije formaasjewedstriid. Dy feroaring late it tiidrek yn fan it partoer
Buma, Hazenberg en
Hijlkema, al wie dat op dat stuit noch net te foarsjen. De Technyske Kommisje naam dit beslút op oanstean fan de keatssters sels, en dy hiene der sin oan.
Der waarden tsien partoeren selektearre en dat brocht Jan Suierveld op it idee om mei in nije wikselpriis te kommen. It tinnen Mingel koe dêrmei nei it museum. Jan Suierveld tekene foar it ûntwerp; juwelier Kramer soarge foar de útfiering.

Beskriuwing fan de keninginnewikselpriis fan de Frouljus-PC
De sirkel mei it krús is it Venusteken, it frouljusteken.
De telegraaf yn de sirkel ferwiist nei it keatsen.
De priis is makke fan sulver fan earste gehalte.
Yn eardere tiden waarden yn Fryslân in protte sulveren sierstikken makke.
It read yn de buordjes, dwersstangen en punten bestiet út bloedkoraal, in materiaal dat faak foarkaam yn Fryske frouljussieraden.
It wite yn de buordjes en dwersstangen is ivoar; de wite punten binne peareltsjes.
It griene yn de steander fan de telegraaf is de heal-edelstien malachyt.
De rútfoarmige plaatsjes oan de keatling hawwe de foarm fan it wapenskyld fan de Fryske ealfroulju út de fyftjinde iuw.
Sulversmid: Klaas Kramer, Frjentsjer (1997)
Untwerp: Jan Suierveld, Weidum
Oanbean troch: Jan Suierveld, Weidum
Recente berichten









