1995: De nije topper yn it frouljuskeatsen is Sandra Goodijk
This is a subtitle for your new post

De finalepartij fan 1995 krekt flnr: Sandra Goodijk (keninginne), Riska Hazenberg, Anke Buitenveld, skiedsrjochter Simon Talsma, Doete de Groot, Hessie Westra, Thera Jellema. Op de foargrûn oanmerker Bert Ploegh.
Yn 1995 waard de njoggentjinde Frouljus PC ferkeatst. Der wiene wer tsien partoer mei útnûge spylsters en foar it earst waarden ek de winners fan de Famkesbûn útnûge om by de Frouljus-PC oanwêzich te wêzen. Dat jier wiene dat de famkes fan Berltsum. Fansels leit yn de famkeskategory de takomst fan it frouljuskeatsen, sa’t sûnt 1984 al bliken docht. In protte toppers binne begûn mei it winnen fan de Famkesbûn en yn de takomst komt dêr fansels ek de Ald-Meiers-partij yn Hitzum by.
De nije topper yn it frouljuskeatsen is Sandra Goodijk. Yn kritiken wurdt oer har sein: “Sandra Goodijk is op dit stuit ien fan de pear echte allroundsters. Troch har ‘veelzijdigens’ kin se in wedstriid in beslissende draai jaan.” Sy wûn dat jier al trettjin krânsen en waard folslein terjochte keninginne fan de Frouljus PC, nei’t se yn eardere jierren al twa twadde en in tredde priis helle hie. Sy waard goed stipe troch Anke Buiteveld en Riska Hazenberg.
Yn de earste omloop waard mei muoite wûn fan Géjanna Buma, Minke Dijkstra en Lia de Jong. En ek yn de folgjende omlopen krigen se neat kado. Yn in ferslach stiet: “Nettsjinsteande de tropyske hjitte wie it nivo fan de PC tige aardich te neamen.”
Recente berichten









