1998: Afke Hijlkema, vorstin fan de Frouljus-PC

Inhoarn op de bus. Ferslach op heech nivo.
Yn 1998 selektearre de Technyske Kommisje tolve partoeren út de oanmeldingen. De wedstriid begûn noch altyd om 13.00 oere en dêrom waard der yn trije perken keatst. Foar in PC is keatsen yn twa perken better, mar dan moat der earder úteinset wurde. Dat waard in diskusje dy’t de kommende jierren noch faker weromkomme soe.
It waar wie prachtich en oft dat no kaam troch de oergong nei frije formaasje of troch it tanommen keatsnivo fan de froulju, de publyksbelangstelling naam sterk ta. Mear as tûzen taskôgers stienen lâns de touwen. De organisaasje yn Weidum wie perfekt — ‘op nivo’, sa skreau de krante — en it keatsen wie fan heech gehalte. Benammen de finale soarge foar spanning, mei in ‘ontketene’ Jitske Venema, dy’t mei har maten Andrea de Jong en Hermanna Miedema pas by 5–4 en 6–4 belies jaan moasten.
Luigi Bulsing skreau yn de Leeuwarder Courant in entûsjast ferslach, dêr’t wy it folgjende út sitearje:
“It dameskeatsen ôfsette tsjin it spul fan de hearen is it ferlykjen fan appels en parren. Mar ûnbelangryk hoecht it net te wêzen dat de amusemintwearde fan it hjoeddeiske dameskeatsen sûnder mis konkurrearje kin mei it wat mear op krêftsport rjochte spul fan de hearen.”
It partoer fan Géjanna, Riska en Afke pakte foar de twadde kear de oerwinning en op ’e nij waard Afke Hijlkema ta keninginne kroand. ‘Afke Hijlkema, vorstin fan de Frouljus-PC’, kopte de Leeuwarder Courant.
Recente berichten









