1999: Mear foarm en profesjonaliteit

Feikje Toering • 25 augustus 1999

Afke Hijlkema ûnbestriden PC-keninginne

Frouljus-PC | 1999

Frou Erica Terpstra makket bekend wa't de keninginne is.

Yn 1999 stie de 23ste Frouljus-PC op it programma. De organisaasje krige hieltyd mear foarm en profesjonaliteit. Der wie in sponsor oanlutsen en autobedriuw Haaima út Wirdum liet in tal auto’s sjen op it terrein. Ek wie der korpsmuzyk oanwêzich – al wie it mar in part fan it korps – en foar de finale koe it Frysk Folksliet spile wurde.

Der wie heech besite, want Erica Terpstra, lid fan de Twadde Keamer en fan NOC*NSF, liet har belangstelling sjen. Nei in fersyk fan in tal dameskeatssters op de PC yn Frjentsjer yn 1998 hie se tasein te kommen, salang’t har wurksumheden dat talieten. It bestjoer fan Nije Kriich hie it fierder regele, en Erica kaam ek wier. Se seach hoe’t it partoer Buma c.s. foar de tredde kear op rige de oerwinning pakte en mocht bekendmeitsje dat Afke Hijlkema foar de tredde kear ta keninginne kroand waard. “En dat koenen se yn Mantgum wol hearre,” sa sei Afke letter.


De Kommissaris fan de Keningin, Ed Nijpels, liet fia de gemeente witte dat er yn 2000 graach útnûge wurde woe foar dizze wedstriid. Nei ôfrin wie der in gesellige neisit foar de winnaressen, genodigden, sponsors en gasten, ûnder wa haadbestjoersleden fan de KNKB en leden fan de PC.

De wedstriid wie ûnderhâldend en de oerwinning fan it partoer Buma c.s. kaam net as in ferrassing. De fraach wie net oft Afke wer keninginne wurde soe, mar earder hoe faak se dat noch dwaan soe. Se waard yn ien rige set mei grutte nammen út dy tiid, lykas Lia de Jong (fjouwerris winst en fjouwerris keninginne), Anita Wieling (fjouwerris winst en trijeris keninginne) en Jokelyn Tienstra (twaris winst en twaris keninginne). De krante kopte dizze kear: “Afke Hijlkema ûnbestriden PC-keninginne.”

De lettere winnaressen krigen yn trije omlopen mar fiif earsten tsjin. It oare finalepartoer, mei Gerda Okkinga, Wiesje van der Berg en Hessie Westra, besocht it wol, mar kaam der net oan te pas tsjin in hast foutleas keatsjend partoer Buma c.s. Sawol oan de opslach as yn it perk wiene de dames oppermachtich.


Tidens de PC yn Frjentsjer waard yn de pauze foar de finale in demonstraasjepartij spile troch twa damespartueren. De dielnimmers wiene Géjanna Buma, Wiesje van der Berg, Afke Hijlkema, Mariska Stienstra, Hermanna Miedema en Marie Heida.

Frouljus-PC | 1999

Der waarden in boppenline en in opslachline lein op de lingten fan in damesfjild en ek in line efteryn it perk, sadat der op dameslingte keatst wurde koe. De ôfstân tusken de foarline en de boppe is by de hearen fiif meter grutter. Tidens de demonstraasje waarden ferskate ballen oer de boppe fan de hearen slein en sels yn de tribune. Afke slagge der sels yn om in bal oer de tribune te slaan. It publyk wie djip ûnder de yndruk en mooglik hat dat deroan bydroegen dat de publyksbelangstelling foar de Frouljus-PC tanommen is.



Recente berichten

Frouljus-PC | 2026
door Bron: KNKB 10 juli 2026
Sjanet Wijnia houdt koppositie vast
Frouljus-PC | 2025
door Feikje Toering 27 augustus 2025
Met overtuigend spel hebben Louise Krol, Sjanet Wijnia en Martzen Deinum de 49ste Frouljus PC gewonnen. In de finale waren zij duidelijk te sterk voor Marrit Zeinstra, Iris Veltman en Jennie Terpstra. Met haar zesde bovenslag besliste Sjanet Wijnia de finale overtuigend, waarna het winnende trio elkaar dolblij in de armen viel in de arena van Weidum. Wijnia werd unaniem uitgeroepen tot koningin van de partij. De overwinning betekende een prachtig slot van een moeilijk seizoen voor het partuur, dat eerder te maken kreeg met de zware knieblessure van Gerde Lycklama à Nijeholt. Dankzij de terugkeer van Martzen Deinum, die in 2021 was gestopt, kreeg het seizoen alsnog een gouden einde. Kijk hier het verslag van Omrop Fryslân.
Frouljus-PC | Afke Hylkema
door Feikje Toering 27 augustus 2025
Vijfentwintig jaar geleden won PC kaatsen Afke Hijlkema samen met Géjanna Dijkstra-Buma en Riska Hazenberg de hoogste titel in het dameskaatsen. Wat toen voelde als het ultieme sportieve hoogtepunt, heeft nu een diepere betekenis gekregen. Door de ernstige ziekte van haar voormalige maatje Géjanna beseft Afke meer dan ooit hoe bijzonder hun band is. De overwinning staat niet alleen symbool voor sportief succes, maar vooral voor vriendschap, verbondenheid en samen sterk zijn, op én buiten het kaatsveld.
Sjanet Wijnia koningin van de 49e Frouljus PC
door Feikje Toering 20 augustus 2025
Finale 49e Frouljus PC Martzen Deinum, Louise Krol, Sjanet Wijnia winnen de finale van 49e Frouljus PC. In de eenzijdige eindstrijd zijn zij te sterk voor Iris Veltman, Marrit Zeinstra, Jennie Terpstra: 0-5 en 2-6. Dat levert Martzen Deinum een Vierde Wimpel op, de achte in de geschiedenis van het dameskaatsen. Voor Louise Krol is het de derde winst op de PC, Sjanet Wijnia wint voor de vijfde keer in Weidum. Marrit Zeinstra vijf keer eerder een finale Voor Iris Veltman en Jennie Tersptra is het de eerste keer dat ze een prijs winnen op de PC. Marrit Zeinstra vijf keer eerder een finale. Daarvan won ze er vier. Dit is dus haar tweede tweede prijs op de PC. De derde prijs is voor het verrassende partuur van Britt Joustra, Anna-Dieuwke Dijkstra en Jeldau Koopmans. Verrassend, omdat Britt en Jeldau nog in de meisjescategorie kaatsen.
Frouljus-PC | 2
door Feikje Toering 21 augustus 2024
Video: Omrop Fryslân
Frouljus-PC |
door Feikje Toering 20 augustus 2024
Louise Krol, Sjanet Wijnia en Gerde Lycklama a Nijeholt hebben de 48e PC in Weidum op hun naam geschreven. In een overtuigende finale waren zij te sterk voor Annet de Haan, Jeska Terpstra en Manon Scheepstra. Voor Gerde Lycklama a Nijeholt werd het een extra bijzondere dag: naast de winst van de PC nam zij ook alle vier de wimpels mee naar huis. De koninklijke titel ging echter naar Louise Krol. Zij werd door de koningscommissie uitgeroepen tot koningin van de 48e PC. Bij de puntentelling kreeg Sjanet Wijnia 4 punten, Gerde Lycklama a Nijeholt 6 en Louise Krol overtuigend de meeste met 8 punten, goed voor de felbegeerde koninginnetitel.
Frouljus-PC | 2023
door Feikje Toering 23 augustus 2023
Door zwangerschappen en het afscheid van enkele topspeelsters werden de parturen dit seizoen flink herschikt. Het trio van Ilse Tuinenga, Marrit Zeinstra en Anne Monfils groeide daarbij uit tot de dominante formatie. Met negen overwinningen uit tien wedstrijden gingen zij als torenhrote favoriet richting de PC. 
Frouljus-PC | Groninger kaatsers
door Feikje Toering 23 augustus 2023
Twee Groningse kaatsters van de kaatsvereniging 'Wezon De Sterke Earm' uit de stad deden woensdag mee aan de Dames PC, de belangrijkste kaatswedstrijd voor vrouwen. Daarmee was Groningen goed vertegenwoordigd. Het gaat om Sanne Velsma en Marije van der Meer. Velsma kaatste samen met Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra. Video: OogTV
Frouljus-PC | kettinkje
door Feikje Toering 23 augustus 2023
Nieuwe prijzen
Frouljus-PC | 1997
door Feikje Toering 22 augustus 2022
KNKB-TV blikt na 25 jaar terug op de Frouljus PC van 1997 met Afke Hylkema (koningin), Riska Hazenberg en Gejanna Dijkstra Buma.
Mear berjochten