2001: It fyfde lustrum
Der wurdt in tribune pleatst.

De 25e Frouljus-PC, it fyfde lustrum, wurdt hâlden op woansdei 22 augustus 2001. Der komme tolve partueren yn frije formaasje yn aksje en der wurdt noch wer in oere earder, nmtl. om 11.00 oere útein setten. Der binne twa skiedsrjochters, wat nochris ûnderstreket dat it om in bysûndere wedstriid giet, en der wurdt yn twa perken keatst. Foar dizze jubileumwedstriid hat de organisaasje alle priiswinners út it ferline útnûge. It is de bedoeling dat yn ’e takomst alle jierren de winnaressen fan 25 jier lyn as earegasten by de Frouljus-PC wêze sille.
De earste feroarings steane ek al wer op papier. In organisaasje dy’t him ûntjout, sjocht altyd foarút en besiket himsels hieltyd fierder te ferbetterjen. Yn dat ramt wurdt der yn 2001 in tribune op it fjild pleatst. As dizze ûntwikkelings trochsette, sil der yn ’e takomst mooglik ek ris in diskusje ûntstean oer tagongskaarten, mar dat leit noch fier foarút.
Dat leveret lykwols ek wat problemen op, want de tribune kin allinnich oan de sydkant fan it fjild stean. It publyk mei it gesicht yn de sinne sette, is net maklik en dêrom wurdt yn Weidum neitocht oer in goede oplossing. Nije Kriich hoecht it tsjil net opnij út te finen en hat dêrom ek by oare wedstriden sjoen. Sa kaam men ûnder oare út by de opstelling fan de Freule yn Wommels, dêr’t de bestjoerstinte skean yn ’e hoeke stiet mei in tribune derneist. It is in idee, en de útwurking dêrfan wurdt dit jier bekend.
Omdat it hieltyd dreger wurdt om by elke wedstriid keurmasters te finen, wol men de oare skiedsrjochters freegje om dy taak op har te nimmen. Dat systeem wurdt al jierren tapast by de PC en de Freule.
Der wie earst sprake fan dat de tradisjonele lepels as priis ôfskaft wurde soene. Dêr is men yn Weidum lykwols fan weromkommen nei reaksjes fan de keatsters, dy’t dizze lepels just tige karakteristyk en moai fûnen.
Wol wie bekend dat de Provinsje Fryslân in spesjale penning beskikber stelle soe foar de winnaressen. Fansels ferskynde der ek wer in goed dokumintearre programmaboekje mei list en klasseminten, en dat alles yn it Frysk. Dat makket dizze wedstriid ek wer bysûnder. De Frouljus-PC is al 25 jier in begrip yn Fryslân.
Yn in ynterview mei Aebe Haima en Pier Koopmans fertelle de mannen yn 2001 oer de ûntwikkeling fan it frouljuskeatsen oant doe ta. Beide binne dêr tige entûsjast oer, krekt as oer de Frouljus-PC. Sy sjogge yn it frouljuskeatsen it keatsen werom sa’t dat eartiids troch de manlju spile waard, mei mear tuskenspul. Oer de Frouljus-PC hawwe se neat as lof. De hjoeddeiske entourage fine se prima, mar se binne fan betinken dat der altyd yn twa perken keatst wurde moat. En de keninginnepriis? Dat is net altyd foar de spylster dy’t de measte punten makket, mar foar dejinge dy’t it partuer draacht. In wiisheid dêr’t neat oan ta te foegjen is.
Op freedtemiddei waard op it keatsfjild de reünyfinale fan 1977 spile, wêrby’t twa reserves ynset waarden as ferfanging fan Janneke Pagels en Hennie Koldijk.
Recente berichten









