2000: Afke Hijlkema wint foar de fjirde kear op rige

Yn dit jier waard foar de 24e kear de Frouljus-PC holden en de ûntwikkelings giene gewoan troch. Der binne tolve partueren, mar der wurdt yn twa perken keatst en de oanvangstiid is foar it earst om 12.00 oere. De wedstriid wurdt wer bywenne troch genoadigden. Dizze kear wie dat de nije boargemaster fan Littenseradiel, mefrou Johanneke Liemburg, dy’t fan 12.00 oere ôf derby is. De Kommissaris fan de Keninginne wie spitigernôch ferhindere. Der steane trije rigen banken om de touen hinne en der is dus wer mear publyk.
De Frouljus-PC hat it hast altyd mei it waar troffen en it sil yn ’e takomst in test wurde as it ris wat minder moai waar is. De trouwe supporters sille dan grif komme en foar guon minsken is it al in tradysje wurden om efkes nei Weidum ta te gean.
‘Kleintje Korps’ is der ek dit jier. De wedstriid falt wat ôf. It peil leit wat leger en by guon partueren rint it net sa. Ek it partuer Buma c.s. hat in matige seizoenstart, mar op de pc stiet it der wer, al is it wat minder útsprutsen as yn de jierren dêrfoar. Dat it partuer fan Géjanna Buma, Riska Hazenberg en Afke Hijlkema foar de fjirde kear op rige wint, is sa’n grut sukses dat der fan útgien waard dat dit foarearst net evenaard wurde sil.
Recente berichten









