KAARTFERKEAP


DE 50ste FROULJUS PC


Woansdei 19 augustus is de 50ste Frouljus PC foar de froulju haadklasse op it keatsfjild ‘It Holgat’ fan keatsferiening Nije Kriich yn Weidum.


De Frouljus PC is de grutste en wichtichste KNKB-partij fan it jier. De tagongskaart is ynklusyf in frije sit- of steanplak en jout tagong ta de feesttinte nei ôfrin fan de keatspartij.

Frouljus-PC | 2026

KAARTFERKEAP


Online kaarten binne te krijen foar besikers fan 18 jier en âlder.
Bernekaarten fan 12 oant en mei 17 jier (€ 10,00) kinne jo oan de kassa keapje.
Bern oant 12 jier hawwe frije tagong.

  • It keatsfjild is iepen fan 10.00 oere ôf.  
  • It keatsen begjint om 11.00 oere.


Yn de feesttinte is der daliks nei ôfrin fan de keatspartij muzyk fan De Suskes.
As haadakt stiet dit jier Yme & The Farmbreakers op it poadium.


Fergees parkeare kin op it oanjûne parkearterrein; folgje de buorden.
Parkearjen yn en riden troch it doarp is dizze dei yn ferbân mei de feiligens net tastien.
Hâld rekken mei de oanwizingen fan ús meiwurkers en ek mei inoar.


Protte wille tawinske’ 

Frouljus-PC | Kaartferkeap