SKIEDNIS


IT ÛNSTEAN FAN IN TRADYSJE


Sûnt 1974 skriuwt de KNKB frouljuskeatswedstriden út. De 'bakermat' fan it frouljuskeatsen lei yn de eardere gemeente Baarderadiel, en dan benammen yn Jorwert. Yn dy omjouwing ûntstie ek it idee om yn Weidum in bysûndere frouljuspartij te organisearjen: de Frouljus PC. It inisjatyf kaam fan Jan Suierveld, lid fan K.V. Nije Kriich.


De earste Frouljus PC waard hâlden op snein 14 augustus 1977. Der dienen tolve partueren mei, dy’t har frij opjaan koene. Der hearske in tige noflike sfear en it hiele doarp stie achter dizze partij. It publyk wie noch beheind en bestie benammen út leden fan de keatsferiening, famylje en freonen fan de keatssters. Piet Keizer wie skiedsrjochter en eigen leden fungearren as keurmasters.


De priisútrikking fûn plak yn it doarpshûs. De prizen bestienen út prachtige sulveren skakelarmbannen mei in sulveren keatsbaltsje, in medalje foar de earstepriiswinners en, spesjaal foar dizze gelegenheid, in troch Froukje Monsma-de Groot borduere skellenkoard. By de útrikking wie ek it vaandel fan K.V. Nije Kriich oanwêzich – in symboal fan grutskens en fan it begjin fan in tradysje dy’t letter djip woartele reitsje soe.

Frouljus-PC | skiednis

“Ik hie in dream,” sa fertelde Jan Suierveld by in lêzing foar de Freonen fan it Keatsmuseum.
“Ik seach foar my it keatsfjild fan Weidum, dêr yn de kom fan it doarp, mei de tsjerke op ’e eftergrûn. Ik seach froulju keatsen, mei de minsken der rigen dik omhinne. It wie de iere maaitiid fan 1977.”

KNKB-ferbân troch-elkoar-lote wedstriden foar froulju organisearre. By de keatssters libbe sterk de winsk om in frije-formaasje-wedstriid te hâlden. Dêrom gie Jan Suierveld nei it bestjoer fan Nije Kriich mei it idee om sa’n wedstriid foar froulju yn Weidum te organisearjen.


It soe de earste frije-formaasje-wedstriid foar froulju wurde. De wedstriid moast in klinkende namme krije, en Jan tocht fuort oan de namme Frouljus-PC, as tsjinhinger fan de PC foar manlju, dy’t alle jierren yn Frjentsjer holden wurdt.


It plan wie om in kommisje te foarmjen foar de organisaasje fan dizze wedstriid. Dêrby waard tocht oan de fjouwer PC-winners dy’t Weidum ryk wie: Folkert Hiddinga, Jan de Groot, Aebe Haima en Dirk Talsma. De mannen fielden lykwols neat foar in kommisje. Dêrom waard harren frege om in bydrage te leverjen foar it oanskaffen fan bysûndere prizen.


Benammen troch it ynbringen fan Jan de Groot kaam der by dy earste PC gjin keninginne. “Je winne it mei syn trijen,” wie syn stelling. Dat is yn it earste jier ek sa útfierd.


De skaaimerken fan de earste Frouljus-PC yn 1977 wiene:


  • frije opjefte fan partueren (12);
  • holden op de twadde snein fan augustus (14-8-1977);
  • gjin bestjoerstinte, allinnich in pear banken om it fjild;
  • skiedsrjochter: Piet Keizer;
  • in pear eigen leden en publyk as keurmasters;
  • priisútrikking yn it doarpshûs;
  • prizen: sulveren skakelarmbannen mei in sulveren keatsbaltsje;
  • foar de earstepriiswinners in skellenkoard;
  • en foar de earste- en twaddepriiswinners in medalje.


v.l.n.r. Janneke Pagels, Hilde Achenbach en Houkje Rodenhuis

It publyk bestie allinnich út leden fan de keatsferiening, wat famyljeleden en freonen fan de keatssters. Der waard gjin entree heft en de wedstriid wike eins yn neat ôf fan in gewoane keatswedstriid. Yn de krante stie mar in lyts berjochtsje

Yn 1978 waard de twadde Frouljus-PC hâlden op snein 13 augustus. Fan belutsenens fan de PC-winners wie doe gjin sprake mear, wêrtroch Jan Suierveld de frijheid krige om in keninginnepriis beskikber te stellen. Dat waard It tinnen Mingel, as oantinken oan de sletten suvelûndernimming yn Weidum. As oantinken foar de keninginne kaam der in lyts tinnen mjitsje fan 2 cl. De prizen bestienen út stânbylden mei in ingelfiguur.

Yn oerlis mei de Technyske Kommisje fan de manlju – der wie doe noch gjin TC foar de froulju – en in ôffurdiging fan de frouljuskeatssters, waard yn kafee Het Wapen van Baarderadeel yn Jorwert besletten om fan de wedstriid in útnûgingspartij te meitsjen. De krêftsferkillen wiene yn it earste jier te grut west.

De Weidumer keatssters stelden in list op mei 36 spylsters, dy’t troch it bestjoer útnûge waarden. Oan ’e hân fan in list mei A-, B- en C-kwalifikaasjes waarden de froulju trochinoar lutsen. Der waard net op funksje lutsen; it kaam dus ek foar dat trije opslachsters byinoar telâne kamen. Frouljuskeatssters waarden doe noch ferwachte allround te wêzen.

De earste keninginne fan de Frouljus-PC waard Janneke Pagels. Yn de krante ferskynde in lyts, mar opfallend berjocht.


Frouljus-PC | skiednis